MuchMusic Video Award

MuchMusic Video Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar fideoklips
útrikt troch MuchMusic
frekwinsje 1x jiers
datum simmer
plak Toronto (Ontario)
1e útrikking 1990
offisjele webside
mmva.muchmusic.com

De MuchMusic Video Awards binne in groep Kanadeeske muzykprizen dy't elts jier yn juny útrikt wurde troch de Kanadeeske muzykstjoerder MuchMusic, foar de bêste prestaasjes op it mêd fan fideoklips fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden foar it earst útrikt yn 1990. De útrikking wurdt net dien yn in gebrûklike seremoanje, mar as ûnderdiel fan in strjitfeest op it parkearplak fan it haadkertier fan MuchMusic en dielen fan 'e oangrinzgjende Queen Street West, yn it sintrum fan Toronto. De winners wurde útornearre troch in faksjuery, mar der binne trije publykskategoryen, wêrfan't de winners útmakke wurde troch in stimming op 'e webside fan MuchMusic, dêr't in elk oan meidwaan kin.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search